Webside ferstoarne Frits Philips

06 des 2005 - 15:14

Meiwurkers fan Philips Drachten kinne fia in spesjale webside it kondoleânse-register tekenje foar Frits Philips. De âld-bestjoersfoarsitter dy't moandei ferstoar, hat in soad foar Drachten betsjut. Hy wie ien fan de ûntwikkelers fan de Philishave en soarge der mei foar dat Philips yn 1950 in fabryk yn Drachten iepene.

Tusken 1961 en 1971 kaam Frits Philips faak op besite yn Drachten. Op syn fersyk waard der ek in airstrip oanlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)