Ljouwert sit yn oer nije wet

06 des 2005 - 12:41

De gemeente Ljouwert hat mei noch 26 oare grutte stêden in brânbrief stjoerd oan steatssekretaris Van Hoof fan sosjale saken. Se wolle dat Van Hoof ôfsjocht fan de maatregels yn de bystân. Troch de nije wet Werk en Bystân hinget Ljouwert in strop fan sawat 8,5 miljoen euro boppe de holle.

Mei de brânbrief hoopt de gemeente de lanlike politisi bewust te meitsjen fan de problemen dy't de nije wet opsmyt. Woansdei praat de Twadde Keamer dêroer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)