FNV-Swarte-Piten út Hajé setten

06 des 2005 - 09:36

Meiwurkers fan it fakbûn FNV binne moandei út it Hajé-restaurant op it Hearrenfean setten. De meiwurkers woene, ferklaaid as swarte pyt, it personiel ynformearje oer knipepunten yn de horeka-CAO. De direksje fûn dat de gasten tefolle lêst fan de aksje hiene.

De horeca-CAO is net troch de FNV ûndertekene. De FNV wol dat dizze CAO fan tafel giet en dat der op 'e nij ûnderhannele wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)