Gjin miljoenen foar Cambuur

© Omrop Fryslân
De Staatsloterijshow fan moandei hat fuotbalklub Cambuur Ljouwert net in soad jild oplevere. Meiïnoar is der in lytse 900 euro foar de klub binnenhelle. Dat bedrach is in teloarstelling foar de goed 60 supporters fan Cambuur. Dy hiene meiïnoar 159 lotten beskikber steld.
De fans hiene hope op in sitewaasje lykas in pear jier werom by Fortuna Sittard. Dêr wûnen supporters in bedrach fan 500.000 euro foar de klub.