Wyk Ljouwert saneard

© Omrop Fryslân
Yn de wyk Aldlân-East yn Ljouwert wurdt woansdei begongen mei de grutte grûnsanearring. It startsein wurdt dan jûn troch wethâlder Hafkamp. Nei ôfrin sil se mei wykbewenners in kop snert ite. De lêste 10 jier is op ferskate plakken yn Aldlân fersmoarge grûn fûn. Dy fersmoarging is net gefaarlik foar de folkssûnes.
De kosten fan de sanearring wurde rûsd op 2,7 miljoen euro.