Wrâldrekord Verheijen op 10 km

05 des 2005 - 14:18

Carl Verheijen ried snein by de wrâldbekerwedstriid yn Thialf in wrâldrekord op de tsien kilometer. Verheijen fersloech yn in direkt duel Sven Kramer. De nije rekordtiid is 12 minuten, 57 tellen en 92 hûndertste.

De Amerikaan Chad Hedrick waard twadde yn 12 minuten, 58 tellen en 25 hûndertsje. Kramer joech in lytse fjouwer tellen ta. Hy waard fyfde yn 13 minuten, ien tel en 67 hûndertste. Bob de Jong waard njoggende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)