Terrein Surhústerfean opknapt

© Omrop Fryslân
It parkearterrein by de C1000 supermerk yn Surhústerfean wurdt opknapt. De gemeente Achtkarspelen wol dit terrein yn it winkelhert fan it doarp takom jier oanpakke, omdat it net mear by dizze tiid past. De gemeente moat noch wol te set oer de krekte ynfolling fan it terrein.
Wol sil de yndieling fan it parkearterrein dúdliker makke wurde moatte, sadat der mear auto's stean kinne.