Soli Brass Nederlânsk kampioen

© Omrop Fryslân
Soli Brass fan Ljouwert hat sneon foar it earst yn 25 jier wer ris de Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn Grins wûn. De band helle yn de kampioensdivyzje 96 punten. Soli Brass wie 25 jier lyn de earste winner fan de brassband kampioenskippen, mar dêrnei slagge it de band nea wer om te winnen.
Takom jier mei Soli Brass Nederlân fertsjintwurdigje op de Europeeske Brassband Kampioenskippen yn Ierlân. De Bazuin fan Oentsjerk waard fjirde.