100 banen foar Frasco

05 des 2005 - 11:45

De gearwurking mei in grut Japansk bedriuw smyt sa'n 100 banen op foar it Ljouwerter bedriuw Frasco. Der komme yn Fryslân 25 banen by. Frasco is spesjalisearre yn hijs- en heftechniken dy't brûkt wurde foar grutte musikals en popkonserten. By it Ljouwerter bedriuw wurkje no 15 minsken.

Troch de útwreiding moat der ek in nij bedriuwspân komme. Ein desimber moat dêr mear dúdlikheid oer wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)