Dokkumer mislediget plysje

© Omrop Fryslân
In 51-jierrige man út Dokkum is fan sneon op snein oanhâlden yn syn wenplak omdat hy plysjeminsken misledige. De man hie in slok op en seach hoe't de plysjes bonnen foar ferkeard parkearen oan it skriuwen wiene op de Markt.
Doe't de plysjeminsken de Dokkumer fregen op te hâlden mei syn misledigingen, gong hy gewoan troch. Dêrnei moast hy mei nei it buro.