Boalserter slim ferwûne

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige man út Boalsert is sneintenacht slim ferwûne rekke op de Ryksstrjitwei tusken Hurdegaryp en Quatrebras. De man wie rinnende en is oanriden troch in 45-jierrige man út Hurdegaryp yn in frachtwein. Hoe't it ûngefal plakfine koe is noch net bekend.
De Boalserter is mei de ambulânse nei it Universitêr Medysk Sikehûs fan Grins brocht.