'KNAW woe grip op Akademy'

05 des 2005 - 10:00

De Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen (KNAW) hat de lieding fan de Fryske Akademy fuortstjoerd om mear grip op it ynstitút te krijen. Dat seit Lammert Jansma, de eardere direkteur yn in petear mei Omrop Fryslân.

Jansma waard ferline jier op non-aktyf set. Om de miljoenetekoarten offisjeel, mar it gong om de sizzenskip, mient Jansma. Hy hat yntusken in finansjele regeling mei de Akademy troffen, mar mei dêr neat oer sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)