Beammen Littenseradiel yn kaart

05 des 2005 - 09:34

De gemeente Littenseradiel sil de kommende tiid alle beammen binnen de gemeentegrinzen yn kaart bringe. De gemeente docht dat as tarieding op nij belied. Dêryn komt te stean foar hokker beammen in kapfergunning oanfrege wurde moat. Dat moat dien wurde wannear't in beam monumintaal, weardefol of gesichtsbepalend is.

Learlingen fan AOC Friesland sille op syk nei sokke beammen yn 'e gemeente. Se sette se ek op 'e foto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)