'Ramp foar Noardlike yndustry'

© Omrop Fryslân
As der net gau aksje komt, dan driget in ramp foar de yndustry yn Noard-Nederlân. Tûzenen banen sille dan ferlern gean. Dat boadskip joech fakbûn FNV sneon mei oan minister Brinkhorst fan Ekonomyske Saken. Hy wie op wurkbesite yn Delfsyl yn Grinslân.
De wurkgelegenheid yn it Noarden hat te lijen fan de hege enerzjyprizen. De LTO hat Brinkhorst benammen omtinken frege foar de túnkers. Brinkhorst is net fan doel kompinsaasje te jaan.