Man (23) oppakt yn Doelesteech

04 des 2005 - 16:56

In 23-jierrige Ljouwerter is sneontenacht oanhâlden yn de Doelesteech yn syn wenplak. De man gie op de fûst mei de portier fan in bar. De man besocht mei syn maat fan it iene kafee yn in oar kafee te kommen, beide mei in whiskyglês yn 'e hân.

Doe't de portier dat wegere ûntstie der in fjochtpartij. Ien fan 'e twa manlju naaide út, mar de 23-jierrige man waard oanhâlden. De portier hat oanjefte dien fan mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)