Hûndert ekstra banen by Frasco

04 des 2005 - 13:02

It Ljouwerter bedriuw Frasco krijt der 100 banen by, wêrfan 25 yn Fryslân. Troch de gearwurking mei in Japansk bedriuw komt der wurk foar Frasco oer de hiele wrâld. It bedriuw út Japan organisearret konserten en musicals.

Frasco is spesjalisearre yn hijs- en heftechniken. Sa ha se ûnder oare oan de Lawei yn Drachten en de Harmonie yn Ljouwert hefbannen levere. Troch it kontrakt mei it Japanske bedriuw moat der ek in nij bedriuwsgebou komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)