Nederlân wint ploechefterfolging

03 des 2005 - 17:36

Nederlân hat sneontemiddei yn Thialf op It Hearrenfean by de Wrâldbekerwedstriden hurdriden it Olympysk ûnderdiel ploechefterfolging wûn. De tiid fan it TVM-trijetal Carl Verheijen, Sven Kramer en Jochem Uytdehaage wie 3.43,77.

Ek it tredde plak wie foar Nederlân. Dy ploech bestie út de Telfort-riders Bob de Jong, Ralf van der Rijst en Remco Olde Heuvel. Kanada waard twadde by de ploechefterfolging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)