Fryske site Beuqen.nl út de loft

03 des 2005 - 13:40

Tsientúzen ynternetters binne dupearre nei in oanfal op de Fryske site www.beuqen.nl. De site is út de loft nei in oanfal fan in lid dy't fan de behearder net mear op de site komme mei. Beuqen.nl is ien fan de populairste downloadsites fan it lân mei links nei de nijste films, muzyk en software. De site is by wet tastien.

Behearder Kasimier fan Drachten sil by de plysje oanjefte dwaan fan de oanfal. Sa'n oanfal mei neffens de wet net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)