15 Banen fuort by AVEK

03 des 2005 - 12:22

By bêdenprodusint AVEK yn Surhuster- fean komt in reorganisaasje. Dêrtroch ferlieze 15 fan de 53 minsken har baan. Yn totaal wurkje der 53 minsken by AVEK. Neffens de direksje is de reorganisaasje needsaaklik fanwege de ôffallende merkomstannichheden.

De útfiering fan de reorganisaasje duorret yn totaal twa jier. De fakbûnen hawwe begryp foar de rerorganisaasje. Wol binne der noch problemen oer it sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)