Hofstede en Blauw-Wit út elkoar
Kuorbalferieniging Blauw-Wit en syn trainer Manfred Hofstede gean út elkoar. De ynwenner fan Nijverdal makket dit seizoen noch wol ôf. De 39- jierrige Hofstede is dwaande mei syn twadde seizoen.
Yn de fjildkompetysje waard Blauw-Wit noch wol tredde. Yn de sealkompetysje stean de Feansters no nei trije wedstriden twadde.