Grutte sykaksje yn Easterwâlde

03 des 2005 - 11:02

De plysje hat freed yn Easterwâlde in grutte sykaksje op tou set yn ferbân mei de fermissing fan in frou en har soantsje út dat doarp. De beide waarden sûnt tongerseitemiddei fermist. By de sykaksje is sels gebrûk makke fan in helikopter.

Freedtemiddei wiene se wer teplak. Se hawwe har melden by famyljeleden yn Easterwâlde. Neist de frjemdlinge- tsjinst en de Vietnamese ambassade hawwe sân plysjes wurke oan de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)