Noch gjin wynmûnen Dongeradiel

03 des 2005 - 11:02

Yn Dongeradiel komme foarearst noch gjin megawynmûnen. B en W ha in beslút oer de lokaasje útsteld. Der binne plannen om alle wynmûnen yn de gemeente de ferfangen troch fjouwer grutte dy't byelkoar op ien plak komme moatte.

It útstel komt ûnder mear om't de mûnen lytser wurde moatte as earst soe, fanwege hinder foar it fleanferker fan de Ljouwerter basis. Boppedat wol Dongeradiel de mûnen graach pleatse mei Ferwerderadiel. Dy wol mear tiid ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)