Gelykspul by Cambuur-VVV Venlo

03 des 2005 - 00:00

Cambuur Ljouwert hat freed gelyk spile tsjin VVV Venlo. Yn it eigen stadion waard it 1-1 tsjin de koprinner. De goal foar Cambuur foel direkt yn it begjin fan de wedstryd, Koen Brack skoarde út in penalty. Ek de tsjingoal fan Venlo foel yn de earste helte, it gie om in kopbal fan Garcia.

Yn de twadde helte wie Cambuur sterker, mar der kamen gjin doelpunten mear. Venlo bliuwt koprinner, Cambuur stiet op it santjinde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)