Nepmail soarget foar soad drokte

© Omrop Fryslân
By it callcentre fan de Postbank yn Ljouwert bliuwt it drok mei de nepmailtsjes dy't op grutte skaal fertsjoerd wurde oan postbank-klanten.
Yn de mails wurdt frege om pinkoades, rekkennûmmers en oare gegevens yn te foljen op in site dy't sterk liket op de postbank-site. Minsken dy't de gegevens ôfstean rinne it gefaar dat har bankrekken plundere wurdt. Neffens de Postbank sille sy har klanten nea mails stjoere mei sa'n fersyk.