Berging Eureka útsteld

02 des 2005 - 15:20

Rederij Noordgat hat it bergjen fan it binnenfeartskip Eureka foarearst útsteld. De wyn stiet ferkeard en dêrom stiet it wetter te leech om wat dwaan te kinnen, seit in wurdfierder fan de rederij.

De ferwachting is dat de wyn net earder as snein geunstiger wêze sil. Dan giet it bergingsbedriuw wer it Waad op om te besykjen it skip flot te lûken. De Eureka rûn woansdei fêst, mei in lading asfalt. Dat is der no foar in part út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)