Nieuw Rechts fiert aksje by NHL

© Omrop Fryslân
De fan terreur-plannen fertochte Samir A. moat net nei Ljouwert komme om te studearjen oan de NHL. Dat fynt de politike partij Nieuw Rechts. Dy sil nije wike yn Ljouwert aksje fiere tsjin de mooglike komst fan Samir A. De NHL sil oankommende studinten gemy net besjen op har achtergrûn. De Leidse Hogeschool docht dat wol. Dy hat Samir A. skorst om't er fêst sit foar it mooglik tarieden fan in oanslach. A. studearre yn Leiden gemy.