Grutte helpoefening op Waad

© www.runway24.nl, Henk Postma
De ferskate helpferlieningstsjinsten yn Fryslân en Grinslân binne sneontemoarn manmachtich útrukt om 50 Waadrinners fan it Waad te heljen. De Waadrinners wiene yn problemen rekke en koene net mear op eigen krêften weromkomme nei de fêste wâl. Gelokkich wie it net echt, mar gie it om in oefening.
Om de twa jier oefenje de helptsjinsten sa'n rêdingsaksje en neffens Jan Regeling fan it Kustwachtsintrum is de oefening goed ferrûn. Foar it earst waarden dit jier ek de gemeenten belutsen by de oefening.