Hier fjilden Frjentsjer omheech

02 des 2005 - 15:02

De ried fan Frjentsjerteradiel wol de hierferhegingen foar sportferienings net weromdraaie. Guon ferienings moatte tenei it dûbele betelje foar de hier fan de gemeentlike akkommodaasjes.

Keatsferiening Jan Bogtstra dy't it Sjûkelân yn Frjentsjer hiert, moat sels 4 túzen persint mear betelje oan de gemeente. De feriening berekkent dat troch oan de PC en it keatbsûn KNKB, dy't wedstriden op it fjild organisearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)