"Skoalle Aldwâld iepenhâlde"

02 des 2005 - 14:30

De iepenbiere basisskoalle yn Aldwâld hoecht fan de gemeenteried fan Kollumerlân dochs net ticht. Dêrmei giet de ried yn tsjin de winsk fan it Roobol, de oerkoepeljende organisaasje foar ûnderwiis yn Noardeast-Fryslân.

It kolleezje fan b.en w. wol no by it ministearje yn Den Haach oantrune op in fersoepeling fan de regels foar lytse skoallen op it plattelân. De easken op it mêd fan learlingoantallen binne eins te strang, sizze b. en w.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)