Fertochten oerfal oanhâlden

02 des 2005 - 08:17

De plysje hat twa manlju oanhâlden dy't fertocht wurde fan de gewelddiedige oerfal op in 75-jierrige man op De Gordyk ôfrûne woansdei. De man waard yn syn eigen hûs skopt, slein en fêstbûn.

De dieders naaiden út mei jild en de auto fan it slachtoffer. Ien fertochte, in Hagenaar (20), waard woansdeitenacht yn syn wenplak oanhâlden mei de auto fan it slachtoffer. De oare fertochte, ek in Hagenaar fan 20 jier, waard tongersdeitemiddei oanhâlden yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)