Pas feilich ynternetbankieren

© Omrop Fryslân
Klanten fan de Friesland Bank krije ynkoarten in paskelêzer thús dy't feilich ynternetbankieren mooglik meitsje moat. De kaartlêzer, ek wol digipass neamd, jout hieltyd in nije tagongskoade foar it ynternetbankieren út. Sa binne de gebrûkers beskerme tsjin misbrûk en hekkers.
De Friesland Bank is ien fan de lêste banken yn Nederlân dy't ynternetbankieren oanbiedt.