80 jier maatskiplike opfang

© Omrop Fryslân
De Stichting Maatschappelijke Opvang yn Fryslân fiert takomt wike it 80-jierrich bestean. Politisy en amtners prate op in spesjale gearkomste oer oarsaken fan en oplossingen foar it groeiend tal minsken dat it sels net mear oprêde kin.
Neffens direkteur Van Anken fan de Maatskiplike Opfang is it jubileum hielendal gjin reden foar in feest. Syn organisaasje is hurd op wei nei de tûzen kliïnten jiers.