Frou oppakt foar brânstichting

02 des 2005 - 08:07

In frou (51) út Sint Jabik is woansdei oanhâlden foar brânstichting. Se hie melden dat der brân wie by har yn 'e hûs, oan de Neeltje Jansstrjitte. Doe't de plysje dêr kaam, stie it hûs al fol reek. De frou fertelde doe dat se it fjoer sels oanstutsen hie.

It die bliken dat der op ferskate plakken brân makke wie. De brânwacht moast deroan te pas komme om it fjoer út te meitsjen. De plysje hat de frou meinaam en fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)