Boargemaster stapt út D66

© Omrop Fryslân
Boargemaster Jo Bosma fan Lemsterlân is út D66 stapt. Hy kin him net mear fine yn it lanlik belied fan de partij. Neffens him sjocht de partij te min nei de belangen fan de ôfsûnderlike boargers. De D66-ers yn it kabinet en yn de Twadde Keamer binne te folle dwaande mei it útoefenjen fan de macht.
Bosma wie nau belutsen by de oprjochting fan D66 yn Fryslân. Hy slút him foarearst net oan by in oare partij.