'Sprankelplak' yn Ljouwerter wyk

01 des 2005 - 17:26

De wykbewenners fan Schieringen yn Ljouwert ha tongersdeitemoarn har 'sprankelplak' yn gebrûk nommen. It sprankelplak is in keunstwurk dat makke is yn it ramt fan it sulveren regearingsjubileum fan Keninginne Beatrix.

Jantje Beton ha derfoar soarge dat der 25 fan dizze selde keunstwurken komme te stean yn efterstânswiken troch hiel Nederlân. It Sprankelplak moat in moetingsplak wêze foar jong en âld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)