Fryske nasjonaliteit krijt kâns

01 des 2005 - 15:05

De Fryske nasjonaliteit yn it paspoart krijt toch in kâns. Deputearre Steaten hiene it idee al nei it jiskefet ferwiisd, mar Provinsjale Steaten wolle better ûndersykje litte wat de mooglikheden binne.

Dat die woansdei bliken yn de Kommisje Boarger en Mienskip. It idee foar de Fryske nasjonaliteit komt fan de groep fan Auwerk. De VVD is derop tsjin. De FNP en GB binne flak foar. Oare partijen reagearje nuansearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)