Skip noch net flotlutsen

01 des 2005 - 10:41

It skip Eureka leit noch hieltyd fêst yn de Waadsee by it Amelân. It bergingsbedriuw Noordgat fan Skylge hat it skip net los krigen. De bergers sille it tongersdei wer besykje.

De Eureka wie ûnderweis mei asfalt dat frijkaam is by it opknappen fan fytspaden op it Amelân. Troch in navigaasjesflater fan de skipper rûn de boat fêst. Der soe gjin gefaar foar oare skippen wêze, want de Eureka leit te fier út de fargeul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)