Striid oer Strobossertrekwei

01 des 2005 - 10:11

Bewenners fan de Strobossertrekwei binne ferdield oer de plannen fan de provinsje mei de dyk. It stik fan Kollum oant Ketlingwier soe in 60 kilometersône wurde. It lêste stik nei Dokkum meie de auto's wer 80 kilometer. De omwenjenden binne benaud dat it dan in racebaan wurdt.

Wethâlder Boorsma fan Dongeradiel fynt dat de hiele Trekwei 80 kilometersône wurde moat, omdat de wei in belangrike ferbining foarmet yn Noardeast Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)