Skip fêstrûn by it Amelân

01 des 2005 - 09:54

It binnenfeartskip Eureka, mei Deinum as thúshaven, is woansdeitemoarn oan de grûn rûn yn de Waadsee by it Amelân. It skip wie ûnderweis mei asfalt, dat frijkaam is by de opknapbeurt fan fytspaden op it Amelân.

Bergingsbedriuw Noordgat fan Skylge hat woansdeitemoarn al besocht it skip wer flot te lûken, mar dat is net slagge. Woansdeitejûn sil dat opnij besocht wurde. De Eureka hat in lingte fan 50 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)