'Slûs Aldsyl lûkt toeristen'

© Omrop Fryslân
De opknapte âlde kearslûs yn Aldebiltsyl moat mear toeristen nei it Bilt lûke. Dat seit wethâlder Henk Hornstra fan dy gemeente. Woansdei makke de provinsje bekend dat de Ynisjatyfgroep Plattelânsfernijing Noardwest Fryslân twa ton jaan wol foar de renovaasje fan de kearslûs.
Pleatslik Belang en de gemeente Bilt hiene om subsydzje frege, omdat de ferbettering hurd nedich is. De gemeente betellet sels trije ton.