Auwerk komt mei Fryske postsegel

01 des 2005 - 07:54

De Groep fan Auwerk komt mei in Fryske postsegel. De betinkingssegel komt in jier neidat de Friezen troch in Europeesk Hânfêst erkend binne as nasjonale minderheid.

De groep fan Auwerk wol de Fryske idintiteit fierder útdrage, benammen yn Europa. Earder kaam de aksjegroep al mei in Fryske kentekensticker. De Fryske postsegel wurdt útbrocht yn gearwurking mei Regio Post Noardeast Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)