Ried wol Cambuur net rêde

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Ljouwert is net ree om fuotbalklub Cambuur te rêden fan in fallissemint. In mearderheid fan de ried is it iens mei wethâlder Hafkamp dat de gemeente de ôfrûne jierren genôch jild stutsen hat yn de club.
Tongersdeitemoarn sil de clublieding fertelle oft it slagge is de 350.000 euro by elkoar te krijen foar de rêding oant de winterstop. Is dat net it gefal, dan wurdt surseânse oanfrege of it fallissemint.