Undersyk nei Fryske stroomnet

© Omrop Fryslân
De provinsje moat ûndersykje oft der yn it Fryske stroomnet swakke plakken sitte. Dat wol it CDA-steatelid Kaper.
Yn de Achterhoek foel ôfrûne dagen troch snie de stroom út. Kabels brutsen en it duorre lang foardat der needstroom wie. Dat de steuring lang duorre hie te krijen mei it feit dat guon doarpen oan de ein fan it stroomnet sitte. Kaper wol witte oft der yn Fryslân ek sokke gebieten binne. Dêr moatte dan needaggregaten komme.