Fergunninghâlders: net parkeare

© Omrop Fryslân
450 parkearfergunninghâlders foar de Ljouwerter binnenstêd meie 6 wike lang de auto net del sette op it Aldehoustertsjerkehôf. Op it plein wurdt wurke oan in parkeargaraazje. 5 desimber begjint in nije fase fan it wurk, en dat betsjut dat der minder parkearplakken binne.
Op fersyk fan de winkelju hat de gemeente de fergunninghâlders in brief stjoerd. Dêryn stiet dat de fergunning 6 wike lang net brûkt wurde mei.