HSV: 6 miljoen foar Huntelaar

© Omrop Fryslân
Hamburger SV hat ynteresse foar Klaas Jan Huntelaar. De nûmer twa fan de Dútske Bundesliga hat de oanfaller fiif kear besjoen. HSV hat no seis miljoen euro bean. Mar oft de topskoarer takom jier ek yn 'e Bundesliga aktyf wêze sil, falt noch te besjen. Earder hat Huntelaar al oanjûn noch net klear te wêzen foar it bûtenlân. Hy stiet ek yn 'e belangstelling stiet fan AZ, Ajax en Feyenoord. In Nederlânske topklub hat syn foarkar.