Waterman ûnder it mes

© Omrop Fryslân
Heerenveen-doelman Boy Waterman wachtet ein takom wike in operaasje oan syn rjochter knibbel. Dan wurdt der sjoen wat der no krekt oan mankeart. De doelman blessearre syn knibbel yn de útwedstriid tsjin Sparta. De kâns is grut dat Waterman syn krúsbannen skuord hat. Yn dat gefal is hy seis oant njoggen moanne út de rûlaasje.
Omdat Waterman it foarige seizoen ek al problemen hie mei deselde knibbel, wurdt der gjin inkeld risiko naam.