Wol fúzje, net yn ien gebou

© Omrop Fryslân
Basisskoallen De Oostvaarder en de Menno van Coehoorn yn Ljouwert bliuwe nettsjinsteande de fúzje foarearst yn trije gebouwen sitten. De iepenbiere basisskoallen moatte fuseare, om't it tal learlingen yn Ljouwert weromrint.
It oerkoepeljende bestjoer fan Proloog wol graach ien nij gebou. Dêr hat de gemeente lykwols gjin jild foar. De fúzje op organisatorysk en ûnderwiisynhâldlik flak giet gewoan troch, mar de trije lokaasjes bliuwe.