WBV Smellingerlân wol dochs fuzy

© Omrop Fryslân
Wenningbouferiening Smellingerlân wol binnen no en in heal jier fuseare mei de fjouwer Fryske wenningkorporaasjes dy't meiinoar de Accolade-groep foarmje. Op it stuit wurdt de fúzje noch tsjinhâlden trochdat de bewennersried it net iens is mei de plannen. Se binne benaud dat se yn de nije kontruksje minder ynfloed krije.
Heal desimber meie de hierders in nije ledenried kieze. WBV Smellingerlân hopet dat dan in ein komt oan it skeel.