Gemeente: gjin jild foar Cambuur

30 nov 2005 - 00:00

De gemeente Ljouwert stekt gjin sint mear yn fuotbalklub Cambuur. Dat hat wethâlder Hafkamp woansdei bekendmakke. Hafkamp neamt Cambuur in 'bodemloze put' en leit alle skuld by de bestjoeren fan de lêste tiid. Ek fans binne poerrazend op âld-bestjoerders.

Yntusken hat him in man melden dy't seit dat er jild hat om Cambuur te rêden. Dizze jildsjitter sil woansdeitejûn in petear ha mei de ynterim-direkteur Van Dam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)