Cambuur tichtby fallisemint

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert stiet op de drompel fan it fallisemint. Der moat woansdei in oplossing komme foar de finansjele problemen, oars wurdt tongersdei it fallisemint oanfrege. Cambuur hat op dit stuit ferlet fan 350.000 euro.
Petearen mei de gemeente, de Friesland Bank en projektûntwikkelder de Accoladegroep ha oant no ta neat opsmiten. Ynterim-direkteur Harjan van Dam hat alle partijen in ultimatum steld oant tsien oere tongersdeitemoarn.